Streppel bliid mar net tefreden mei winst op ADO

27 aug 2017 - 10:47

Trainer Jurgen Streppel fan SC Hearrenfean is bliid mei de 2-1 winst op ADO Den Haag, mar dochs net hielendal tefreden. "Ik vind het jammer dat we niet met meer gewonnen hebben, want er waren absoluut mogelijkheden daartoe."

Lunsjpakket

Joost van Aken die net mei oan de wedstriid. It liket derop dat de spiler Hearrenfean ferlitte sil. Streppel joech ta dat der serieuze belangstelling is foar Van Aken en keas derfoar om him net op te stellen. "Samen met Joost hebben we besloten om hem niet te laten spelen en hem niet mee te nemen." De trainer die nochal lakonyk oer dat beslút. "Als hij toch niet speelt, dat scheelt weer een lunchpakket, hè."

Folwoeksen

De jonge Kik Pierie wie de ûnferwachte ferfanger fan Van Aken. Streppel wie entûsjast oer syn spul. "Kik speelt heel volwassen. Hij is zeventien, maar je zou haast denken dat dat niet klopt." Pierie hie sels ek net ferwachte dat er yn de basis stean soe. "Ik was onderweg naar het station, ik zou net naar huis gaan en toen belde Streppel en zei 'je gaat morgen spelen'."

Topskoarder

Morten Thorsby wie ferantwurdlik foar beide goals fan SC Hearrenfean. Nei trije wedstriden is er no topskoarder fan de earedifyzje mei fjouwer doelpunten op syn namme. En dat wylst er yn foarige seizoenen by de klup mar ien kear skoarde. "Ik speel nu meer aanvallend en dan krijg je ook meer mogelijkheden. Het is mooi dat dat gebeurt", fertelt de Noarske spits dy't sûnt 2014 by SC Hearrenfean spilet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)