UPDATE: Poal (56) oerboard slein op de Iselmar by De Lemmer

27 aug 2017 - 10:59

Helptsjinsten sykje op it stuit op de Iselmar by De Lemmer nei in man dy't oerboard slein is. Dat meldt de kustwacht.  It soe gean om in Poalske matroas fan 56 jier fan it binnenfeartskip Viking. Hy is yn it wetter rekke by boei NM10. Der wurdt manmachtich nei him socht. 

De helikopter fan de kustwacht fljocht oer de kustlijn by de mar. Ek binne de KNRM fan De Lemmer en fan Urk, in boat fan de plysje en fan Rykswettersteat oanwêzich. De plysje is oan board gien fan de Viking en heart de bemanning. Alle oare skippen yn de buert fan it ûngelok by De Lemmer wurde tsjinhâlden en moatte in oare rûte farre. It is noch net bekend hoe't de man yn it wetter rekke is.

(advertinsje)
(advertinsje)