Nyck de Vries fyfde nei diskwalifikaasje konkurrinten

27 aug 2017 - 08:59
Nyck de Vries (hjir op argyffoto n Monako) - Foto: ANP

Nyck de Vries is twa plakjes omheech gien yn de útslach fan de Formule 2-race dy't sneon yn Spa ferriden waard. De autokoereur fan Twellingea kaam as sânde oer de finish mar hat no it fyfde plak krigen, nei diskwalifikaasje fan syn konkurrinten Charles Leclerc en Oliver Rowland. Sy binne út de útslach skrast omdat de boaiemplaat fan harren auto's tefolle sliten wie en net mear oan de regels foldie. De Vries start hjirtroch dizze sneintemoarn op it fjirde plak yn de sprintrace en net op it twadde, om't de earste acht fan sneon dan yn omkearde folchoarder fan start gean.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule 2 Spa
(Advertinsje)
(Advertinsje)