Deade by sjitpartij yn wenning Easterwâlde

27 aug 2017 - 07:29

In 51-jierrige man út Easterwâlde is sneontenacht omkaam by in sjitpartij yn syn wenning oan de Stegingawei. De plysje hat fjouwer minsken oanhâlden, trije manlju en in frou. De oanlieding fan de sjitpartij is noch net bekend.

De plysje krige in melding fan buertbewenners dat der sketten waard yn de wenning en dat der minsken fuortrûnen. Doe't de plysje oankaam by it hûs, wienen der neist it slachtoffer noch twa minsken yn de wenning. Sy binne oanhâlden as fertochten. It giet om in man fan 58 jier út Easterwâlde en ien fan 53 jier út de gemeente Noordenveld. Letter hat de plysje noch twa fertochten oppakt, in 41-jierrige frou út Easterwâlde en in 42-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de deadlike sjitpartij.

Trefwurden: 
deade sjitpartij Easterwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)