Brommelsfestijn foar de fyfde kear yn de Wâlden

Nettsjinsteande eardere berjochten fan Steatsboskbehear om dochs foaral gjin amers toarnbeien te plukken wurdt dit wykein wer massaal socht nei de brommels. Yn de noardlike Fryske Wâlden wurdt de fiifde edysje fan it Brommelsfestijn hâlden. Yn it gebiet tusken Burgum, Feanwâlden, Kollum, Bûtenpost en Surhústerfean stelle boeren it hiem beskikber om te sykjen nei de 'brommels'.
De dielnimmende pleatsen binne te werkennen oan in flagge. Dêrnjonken binne der ek workshops en ekskurzjes. Besikers kinne ek leare oer it libben op in pleats. Yn Feankleaster kinne minsken op in pleats oan de Keningswei molke priuwe en sûkerfrij Toarnbeie-iis ite. De organisaasje adfisearret om goed tarêt op paad te gean, lykas âlde klean dy't smoarch en stikken meie.