SC Hearrenfean wint by ADO Den Haag mei 2-1

26 aug 2017 - 21:41

SC Hearrenfean hat de útwedstriid tsjin ADO Den Haag sneontejûn mei 2-1 wûn. Beide goals waarden makke troch Morten Thorsby. Yn de earste helte hie Hearrenfean it measte balbesit en krigen se ek wol de noadige kânsen, mar dy waarden net fersulvere.

Yn it begjin fan de twadde helte spilen de measte duels him ôf op it middenfjild, mar yn de 57e minút kaam Hearrenfean dan toch op foarsprong troch in goal fan Morten Thorsby. Noch gjin tsien minuten letter foel de 2-0 op eksakt deselde wize: in foarset fan Dumfries en Thorsby dy't de bal der yn tikke.

It fenyn sit yn de sturt

Tsien minuten foar tiid skoarde Johnsen foar ADO Den Haag út in korner de 2-1 en waard it it toch noch hiel spannend mei kânsen oan beide kanten en ADO dy't alles of neat spile. Yn de fiif minuten ekstra tiid belibbe Hearrenfean noch de noadige hachlike mominten, mar de oerwinning waard toch oer de streek lutsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)