Epke Zonderland pleatst him ek op brêge foar WK yn Montreal

26 aug 2017 - 20:59
Epke Zonderland (argyffoto) - Foto: ANP

Turner Epke Zonderland hat him sneon ek op it ûnderdiel brêge kwalifisearre foar de wrâldkampioenskippen yn Montreal. Hy helle yn Zwijnderecht de limyt mei 15,300 punten.

Ferline wike pleatste hy him ek al foar it ûnderdiel rekstôk. Op dat ûnderdiel liet hy him no ek wer sjen. Syn oefening mei fiif flechteleminten rûn lykwols net sa't hy hope hie. Hy foel twa kear fan de rekstôk. It WK is fan 2 oant en mei 8 oktober.

(Advertinsje)
(Advertinsje)