Joost van Aken mooglik fuort by SC Hearrenfean

26 aug 2017 - 20:09
Joost van Aken - Foto: AWfoto.nl

Joost van Aken stie sneontejûn net op it fjild foar SC Hearrenfean yn de útwedstriid tsjin ADO Den Haag. Fan ferskillende kanten wurdt melden dat der bûtenlânske belangstellng is foar Van Aken, it soe om it Italjaanske Lazio Rome gean, mar dat is net befêstige.

Trainer Jurgen Streppel sei by FOX-sports, dat der in oantal saken spylje om Joost van Aken hinne, mar ûntkende dat it om Lazio Rome gean soe. Van Aken makke yn 2014 syn debút foar SC Hearrenfean en hat noch in kontrakt oant 2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)