Nyck de Vries wurdt sânde yn Spa

26 aug 2017 - 19:58

Nyck de Vries fan Twellingea is sneon yn Spa yn de earste race fan it Formule 2-wykein op in sânde plak einige. De Vries starte as sechsde. It betsjutte it debút yn syn nije team Racing Engineering. De Vries lei in koart skoftke op it fyfde plak, mar it slagge net om dat te behâlden. De race waard wûn troch Charles Leclerc, Artem Markelov waard twadde en Oliver Rowland tredde.

Sneintemoarn is op it sirkwy fan Spa de twadde race, dan mei De Vries starte op it twadde startplak.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule 2 Spa
(Advertinsje)
(Advertinsje)