It giet goed mei de rinners fan de Kennedymars

26 aug 2017 - 19:25

It giet hiel goed mei de dielnimmers oan de Kennedymars. De omstannichheden binne hiel noflik, al is it waar wol wat soel. De rintocht oer 20 oant en mei 80 kilometer troch it lânskip fan Noardeast Fryslân hat dit jier syn 10e edysje. Sneontemoarn 4.30 oere wie de start. Dielnimmers moatte allegear foar 22.30 oere wer binnen wêze yn Wâlterswâld.


Feye Rozema rint in klaverke fjouwer, dat betsjut fjouwer lussen fan 20 kilometer.

Trefwurden: 
Kennedymars Driezum
(Advertinsje)
(Advertinsje)