Sint-Jabik wint de ôfdielingskeatspartij yn Bitgum

26 aug 2017 - 19:04
De winners: Bauke Triemstra, Renze Hiemstra en Taeke Triemstra

De ôfdielingspartij yn Bitgum is sneon wûn troch it partoer fan Sint-Jabik, mei Bauke en Taeke Triemstra en Renze Hiemstra. Se wûnen yn de finale fan Minnertsgea mei Marten Bergsma, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra. Renze Hiemstra waard troch it publyk útroppen ta kening fan de partij.

De tredde priis wie foar Ljouwert mei Enno Kingma, Hillebrand Visser en Hans Wassenaar. De folsleine útslach fan de keatspartij stiet op www.knkb.nl.

Trefwurden: 
keatsen Sint-Jabik Bitgum
(Advertinsje)
(Advertinsje)