Koarte brân yn loads op De Lemmer

26 aug 2017 - 18:36
Der kaam in soad reek frij by de brân - Foto: De Vries Media

Yn in leechsteande loads oan de Pôlle op De Lemmer hat sneontemiddei koart brân west. De brânwacht koe earst net op it terrein komme, mar hat de brân úteinlik fan twa kanten blusse kind. By de brân kaam in soad reek frij.

De brânwacht hie it fjoer úteinlik frij gau ûnder kontrôle. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Der kaam ek in ambulânse om ien persoan te ûndersykjen, dy hie reek binnen krigen.

Trefwurden: 
brân De Lemmer De Polle
(Advertinsje)
(Advertinsje)