ONS ferliest earste wedstriid mei 2-0 fan Odin'59

26 aug 2017 - 18:29

ONS is de kompetysje begongen mei in thúsnederlaach, se giene mei 2-0 ûnderút tsjin Odin'59. Yn it begjin gie it spul hin en wer en krigen beide ploegen kânsen. ONS waar geandewei de earste helte better yn de kombinaasje, mar Odin besocht der hieltyd út te brekken. Yn de ekstra tiid fa de earste helte makke Odin dan dochs de 1-0.

Yn de 7e minút fan de twadde helte krige Ale de Boer in grutte kâns foar ONS, mar hy miste. En in minút letter kaam Odin op 2-0. ONS besocht noch wol de oansluting te krijen, mar Fabian Stevens miste in kâns yn de 62e minút lykas Arton Musliu yn de 84ste minút.

Trefwurden: 
fuotbal ONS Odin'59 Snits
(advertinsje)