Bern meie by it Damshûs in turfhúske bouwe

By It Damshûs yn Nij Beets kinne bern snein meihelpe oan de bou fan in turfhúske. It is in projekt fan keunstner Josje Hattink; sy is 'artist in residence' by Keunsthûs SYB yn Beetstersweach. Har keunstwurk, in turfhúske, bringt de kulturele skiednis fan dizze omkriten yn byld. By de workshop wurde ornaminten en fersiersels fan turf makke.
It turfhúske komt te stean by de Sânpunt tusken Nij Beets en de Sweach. Op 9 septimber, tidens it iepen monumintewykein, sil it turfhúske yn 'e brân stutsen wurde: in ritueel om de skiednis fan it fean en de enerzjy dy't der yn sit, te fieren. De workshop yn it Damshûs is snein tusken 11 en 14 oere.