Fryslân komt tekoart op NK fierljeppen yn Jaarsveld

26 aug 2017 - 17:26

It Nederlânsk kampioenskip fierljeppen hat yn Jaarsveld mar ien Fryske kampioen opsmiten. De winst gong allinnich by de junioaren nei Fryslân, nei Freark Kramer. Hy wûn mei in nij persoanlik rekôr fan 19.85. Twadde waard Jan Teade Nauta mei 19.06. Yn de oare kategoryen wiene de Hollanners de baas, wol gienen alle sulveren medaljes nei Fryslân. De titel by de senioaren gong nei Jaco de Groot, hy sprong 21.57, in nij NK-rekôr. Nard Brandsma kaam dêr net oan ta, hy sprong 20.85. By de froulju wiene de ferskillen lyts. De titel gie mei 16.05 nei Fabiënne Overbeek, twadde waard Marrit van der Wal mei in sprong fan 15.95.

De titel by de famkes wie foar Demi Groothedde mei in sprong fan 15.62, twadde wie dêr Femke Rispens mei 14.79. By de jonges wûn Reinier Overbeek mei in sprong fan 19.17, ek in NK-rekôr, en twadde wie Jarich Wijnstra mei 18.33. 

Alle útslaggen stean op de webside fan de polsstokbond Holland.

(advertinsje)
(advertinsje)