Harkemase Boys wint mei 4-2 by Jong Almere City

26 aug 2017 - 17:09

Harkemase Boys hat de earste kompetysjewedstriid yn de tredde difyzje tsjin Jong Almere City mei 4-2 wûn. It wie in wedstriid mei twa gesichten. Yn de earste helte hiene de Harkiten net folle yn te bringen en rekken se mei 2-0 achter troch goals fan James Efmorfidis en Khalid Tadmine.

Nei de tee gie it in stik better. Nei goed tsien minuten wie it 2-2, troch in goal fan Berwout Beimers en in eigen goal fan Balker. Dêrnei krigen beide ploegen kânsen, mar it wie Harkemase Boys dy't op foarsprong kaam troch in goal fan Hooiveld. Yn de alderlêste minút waard it ek noch 4-2. Al mei al in prima start fan de kompetysje.

(advertinsje)
(advertinsje)