IFKS-kampioenen bekend yn klassen B, C en lytse A

Op de lêste dei fan it IFKS skûtsjesilen binne de útslaggen bekend wurden fan de klassen B, C en Lytse A. Der waard sneon yn dizze klassen net mear syld yn de Lemsterbaai by De Lemmer, omdat der net genôch wyn wie.
B-klasse
Einwinner yn de klasse B is it skûtsje Jonge Jan mei skipper Fonger Talsma, folge troch it skûtsje Waaksdom mei skipper Ulbe Zwaga. Tredde waard de Singelier mei skipper Daan van der Meer. Dizze trije promovearje nei de grutte A-klasse. De Jonge Jan en de Singelier gongen ferline jier al oer fan de C- nei de B-klasse
C-klasse
De klasse C waard wûn troch Ut 'e striid mei skipper Gerrit Huisman. As twadde einige it skûtsje Ale mei skipper Ron Syperda en tredde waard de Raerder Roek mei skipper Sijmen Kalsbeek. Sy promovearje nei de klasse B.
Lytse A
Yn de lytse A-klasse wie it earste plak foar de Engelina Smeltekop mei skipper Pieter Jilles Tjoelker. Twadde waard de Eemlander mei skipper Berndt de Cneudt en as tredde einige De Tiid Sil It Leare mei skipper Harm van der Weiden. Yn dizze klasse kinne je net promovearje of degradearje om't it de iennige lytse klasse is. It is it lêste jier fan Pieter Jilles yn de lytse A. Sy stappe oer nei de grutte klasse mei in nij skûtsje en sile takom jier dus yn C.
Alles oer it skûtsjesilen is te finen op: omropfryslan.nl/skutsjesilen.