Marit Bouwmeester pakt tredde wrâldtitel yn Laser Radial

Marit Bouwmeester is foar de tredde kear wrâldkampioen wurden yn de Laser Radial Klasse. Yn Medemblik pakte se de titel, foar de Belgyske Evi van Acker.
Der waard sneon net syld. It wie wynstil en de regel is dat as der net foar 15.00 oere in startsein jûn wurdt, der net mear syld wurdt. Bouwmeester hie al it earste plak en dus koe de nûmer twa, Evi van Acker, har net mear ynhelje.
Minne start, geweldige comeback
Bouwmeester begûn dizze wike mei in hiele minne start. Se waard yn de earste twa races 29e en 27e. De minste twa races meist lykwols fuortstrepe. Bouwmeester begûn oan in ynhelrace. Op dei twa waard se 3e en 6e, dêrnei waard se trije kear earste en ien kear twadde. Dêrmei klom se nei it twadde plak efter har ivige konkurrinte Van Acker. Op de ien-nei-lêste naam se troch in 5e en 3e plak yn race 9 en 10 it earste plak oer fan Van Acker, dy sels yn de lêste race 15e waard. Dy kopposysje joech Bouwmeester dus net mear fuort.
De 29-jierrige Bouwmeester waard yn 2011 en 2014 ek alris kampioen. Yn 2016 waard se Olympysk kampioen yn Rio de Janeiro. Bouwmeester komt út Warten en wennet no yn Den Haag.