Bekeuringen en warskôgingen op Fryske wetter

Der is freed fyftjin kear proses-ferbaal opmakke op it Fryske wetter troch Rykswettersteat en de plysje. De oertredingen wiene: it net yn it besit ha fan in farbewiis, it net drage fan in saneamde deademanskoarde en te hurd farren. Yn totaal waarden der 95 kontrôles útfierd. Njonken de prosessen-ferbaal waard der 35 kear in warskôging jûn.
Sneon waarden 158 kontrôles dien, dêrby waarden 67 warskôgings útdield en 30 kear waard der in proses-ferbaal opmakke.
Op dit stuit wurde der ekstra kontrôles hâlden mei as doel dat boatsjeminsken har better bewust wurde fan de regels op it wetter.