PvdA stelt fragen oer ôfsluten Griene Stjer Ljouwert

26 aug 2017 - 13:18

De PvdA-fraksje Ljouwert hat fragen steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oer it ôfsluten fan it Griene Stjergebiet fanwege de festivals dy't der hâlden wurde. De PvdA freget oft it kloppet dat it gebiet yn in perioade fan sa'n sân wiken, mar foar in part of hielendal net tagonklik is foar omwenners en rekreanten. Dizze simmer waarden de festivals Promised Land, Welcome to The Village en Psi-Fi yn de Griene Stjer hâlden..

Ek freget de PvdA oft der mooglikheden binne om de perioade koarter te meitsjen. Dan giet it foaral om de tiid dy't nedich is foar it op- en ôfbouwen. Dit soe dan yn it oerlis mei de festivalorganisatoaren meinaam wurde moatte. 

(advertinsje)
(advertinsje)