Leaddief op 'e die betrape yn Easterwâlde

26 aug 2017 - 11:35
Foto: ANP

De plysje yn Easterwâlde hat freedtenacht in 42-jierrige man sûnder fêst wen- en ferbliuwplak oanhâlden foar stellerij fan lead. De fertochte fersette him bot by syn oanhâlding. In buertbewenner betrape de man op in plat dak fan in winkel yn de Aprilstrjitte. De plysje wie al yn de buert, omdat der mear meldingen wiene fan stellerijen en ynbraken. Mooglik dat de 42-jierrige man dêrmei ek te krijen hat. Der wurdt noch fierder ûndersyk dien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)