Plakette foar sneuvele militêr Martijn Rosier út Sint-Anne

26 aug 2017 - 11:27

Ta neitins oan Martijn Rosier út Sint-Anne is sneon yn it Geniemuseum yn Vught in plakette ûntbleate. De 30-jierrige militêr kaam tsien jier lyn om it libben yn Afganistan. Hy sneuvele yn Uruzgan wylst er mei kollega's oan it sykjen wie nei bermbommen. Ien fan dy eksplosiven ûntplofte.

Rosier wie de tsiende Nederlânske militêr dy't by dizze missy om it libben kaam. It monumint is ûntbleate troch Martijn syn âlden. Der wiene ek in protte famyljeleden en oare militêren oanwêzich.

(Advertinsje)
(Advertinsje)