Kofi Annan bringt besite oan Ofslútdyk

26 aug 2017 - 09:49
Kofi Annan - Foto: EPA

De eardere sekreteraris-generaal fan de Verenigde Naties Kofi Annan is tongersdei 7 septimber te gast op de Ofslútdyk. Dêr wurdt it wetterevenemint Making Waves hâlden. Der wurde dan troch santjin partijen ynnovaasje-ideeën presintearre op it mêd fan ûnder oare wetter, klimaat, enerzjy en transport. It doel is om dizze ideeën ek út te fieren.

Njonken Kofi Annan sille ek minister Melanie Schultz van Haegen en Commandant der Strijdkrachten Tom Middendorp by it evenemint wêze en sprekke.

Trefwurden: 
Ofslútdyk Kofi Annan
(Advertinsje)
(Advertinsje)