Tsiende Kennedymars fan start yn Wâlterswâld

26 aug 2017 - 09:09

Wylst de measte minsken sneontemoarn noch hearlik leinen te sliepen, dienen yn Noardeast-Fryslân ier en betiid tsientallen fanatikelingen de kuierskuon oan foar alwer de tsiende edysje fan de Kennedymars. Dizze meunsterkuiertocht oer 80 kilometer gie om healwei fiven fan start.

Klaverke fjouwer

De dielnimmers binne fan Wâlterswâld út op 'en paad gien en rinne yn de foarm fan in klaverke fjouwer oer Ie, Raerd, Kollumersweach en De Falom. Dêrby komme se hieltyd nei 20 kilometer wer lâns de start/finish lokaasje yn Wâlterswâld. De kuierders kinne ek de koartere tochten fan 20, 40 en 60 kilometer rinne. Se ha oant healwei alven jûns om binnen te kommen. De organisaasje ferwachtet tusken de 300 en 400 dielnimmers oer alle ôfstannen.

'Onthaasten'

Dielnimmer Feye Rozema fynt it hearlik om lange ôfstannen sa as de Kennedymars te kuierjen. Hy hat ek al meidien oan de Kuieralvestêdetocht en de Fjouwerdaagse fan Nijmegen. "Ik ha in frij drokke baan en in hoop geregel deis en reden nûmer ien foar my is 'onthaasten': lekker rêstich, de holle leech, tiid foar oare dingen. In hearlike ûnderbrekking fan it jachtige libben. En it Fryske lânskip is fansels prachtich om trochhinne te rinnen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)