Kollum: "De Gysbert"

"Yn de krante stie dizze wike in pleidoai om it saneamde ‘Dunglish’ mar as nije taal yn Nederlân yn te fieren, ‘Kortom, we kunnen het Nederlands niet vervangen door het Engels. Wel zouden we van het ‘Dunglish’, Nederlands-Engels, onze nieuwe nationale taal kunnen maken.’
Dit is net ien as oare min Ingelsk pratende eenlimited reklameboy fan T-Mobile dy’t dit seit, mar in fertaler Nederlânsk-Ingelsk. Syn namme is net belangryk, want wat my oanbelanget komt er net yn de skiednisboeken mei dizze opsje.
Jierliks ferdwine tsientallen talen. Lit dy sin even op jim ynwurkje. Jierliks ferdwine tsientallen talen. Dat is hast net yn te tinken, mar dochs is it sa. No ha wy hjir yn Nederlân de lúkse fan twa nasjonale talen. Foar de measte Hollanners sil dat njonken it Nederlânsk it Ingelsk wêze as je harren dat freegje. Us taal hjir yn de moaiste provinsje fan Nederlân docht net echt mei. Sterker, der binne in soad minsken dy’t in hekel oan ús taal ha. Je meie oeral Arabysk, Russysk of Ingelsk brabbelje, mar sprekke jo bûten de provinsje Frysk, smyt it argewaasje op. It Frysk ferdwynt ek yn rap tempo fan de skoalpleinen, de strjitten en yn de grutste Fryske krante is al jierren amper mear in wurd Frysk te lêzen, wylst Fries, op de Hollânske wize skreaun, in reklame-utering fan de krante is. Wêrom wit ik net.
Der binne ek minsken dy’t skriuwe yn it Frysk. Hoewol’t in soad Friezen miene dat se it net lêze kinne, wurde der ek noch Fryske boeken ferkocht. Even in sydstapke, in berne Amsterdammer dy’t Hollânsk praat en my mailde dat er mei in soad nocht ien fan myn Frysktalige boeken yn ien jûn útlêzen hat, seit my dat dy Friezen dy’t miene it net lêze te kinnen der ek net folle muoite foar dien ha. Hawar.
It Frysk hat der wolris better foar stien. It wurdt troch oare talen nei de achtergrûn treaun. Sa as dat mei it Nederlânsk ek sa is, ek dat wurdt trochspekke mei wurden as sale en fout T-Mobile Ingelsk lykas eenlimited. De talen kinne dus wol wat positive reklame brûke. It blykt al jierren dat bern dy’t meartalich opfieden wurde, dus bygelyks Frysk-Nederlânsk, mear gefoel foar taal krije. Dus it Frysk hat best wol potinsje. Mar je moatte net alles sa litte wolle as dat it is, oars stride je in ferlerne striid. Taal is yn beweging, de wrâld der omhinne ek.
It skriuwen yn de Fryske taal kin jo sels in saneamde literêre priis opsmite. Dêr ha we in stik as wat foarbylden fan. Foar it gros fan de Friezen in ‘ver van mijn bed show’. Yn de eagen fan guon dy’t it witte moatte soenen, is de Gysbert Japicx priis de wichtichste dy’t der te heljen is. Om bar wurdt dy útrikt oan in dichter en in proazaskriuwer. Binne jim der noch? Saaie kollum, fine jim ek net?
Goed. Om dy priis wat mear bekendheid te jaan is der dizze kear keazen foar in systeem mei nominaasjes. En dat smiet fansels reaksjes op. In stik as wat swiergewichten drukten de pinne djip yn it fergif en skreaunen it heale Provinsjehûs, der dit ferdjer weikaam, de grûn yn. Sa as it altyd giet krije opinymakkers guon achter harren en sa like it dat de hiele Fryske skriuwende wrâld yn opstân kaam wie tsjin de goed bedoelde plannen om oer in frijwat âlderwetsk en incrowd feestje (moai Ingelsk wurd) ris wat in 2017 sauske te jitten.
Sa as faker hearden jo allinnich de tsjinstanners. Yn prachtige folsinnen, want ja skriuwe, dat kinne se wol. Wylst ik wit dat der ek in oare streaming is. In nijerwetske streaming. Dy’t bliid is mei it folle breder lûken fan de taal en de prizen dy’t dêr by hearre. Mar dy hâlde har wyslik stil, bang foar de freeslike dingen dy’t oer harren hinne komme sille, mochten se blike litte dat se der krekt wat oars oer tinke.
No, kom mar op. Dizze kollum is foar alle Fryske skriuwers dy’t wol mei de tiid meigean wolle. As wy yn dizze tiid noch altyd miene de lúkse te hawwen om fan de taal in elitêr barren te meitsjen, sil dy taal flugger ferdwine dan jo yn de gaten ha. Mar miskien wolle guon dat stikem ek wol. Ik sil de Gysbert nea winne. Hoecht ek net. Ik ha leaver dat de Frysk taal bestean bliuwt.
Goed wykein."