Dijkhuizen: ''Goed gespeeld, maar onszelf niet beloond''

25 aug 2017 - 22:55

''We hebben goed gespeeld, maar we wisten onszelf niet te belonen.'' Dat sei trainer Marinus Dijkhuizen fan SC Cambuur nei ôfrin fan de ferlerne wedstriid tsjin De Graafschap. Yn Doetinchem gongen de Ljouwerters mei 2-0 ûnderút tsjin de ploech fan Henk de Jong. ''We hebben kansen gehad. Er moesten goals komen, maar dat gebeurde niet. Het gaat om die eindfase, we hebben daar nog niet de finesse om de kansen af te maken.''

Soad kânsen mist

Middenfjilder Mathias Schils wie bot teloarsteld nei de nederlaach tsjin De Graafschap. ''Ik denk dat iedereen gefrustreerd is dat we deze wedstrijd verliezen. Ik denk dat het anders had kunnen lopen, maar De Graafschap was efficiënter. Kansen missen kan iedereen, maar het waren er vandaag wat veel.'' Mei gjin inkeld punt út twa wedstriden wurdt it foar de Ljouwerters no saak gau in oerwinning te pakken. ''De realiteit is dat we nu achterblijven en dat er flink verandering moet komen.''

Nettjinsteande it ferlies wie ien spiler dochs wol bliid yn Doetinchem, en dat wie debutant Karim Rossi. ''Het was oké. We hebben goed gespeeld, maar helaas wisten we niet te scoren. In de tweede helft zat er meer in, die positieve punten moeten we meenemen naar de wedstrijd van volgende week.''

Folgjende wike moat SC Cambuur ôfreizgje nei Noard-Hollân, foar de wedstriid tsjin FC Volendam.

(advertinsje)
(advertinsje)