Hânbike-dief moat seis wike de sel yn

25 aug 2017 - 22:52
Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

De man dy't yn jannewaris in hânbike stellen hat út it fytserek by in supermerk yn Ljouwert, moat fan de rjochter seis wike de sel yn. De rjochtsaak tsjin de man wie tongersdei, de fertochte wie sels net op de sitting. Hy hie tsjin de plysje sein dat hy wol wist dat de spesjale fyts fan in hendikepte man wie, mar dat hy him meinommen hie om foar te kommen dat er stellen wurde soe. De hânbike waard in pear dagen letter by de man weromfûn.

Trefwurden: 
hânbike Ljouwert selstraf
(advertinsje)
(advertinsje)