Boatsjeminsken pas op: ekstra kontrôles op it wetter

25 aug 2017 - 22:22

Rykswettersteat en plysje fiere op it stuit ekstra kontrôles út op it Fryske wetter. It is de bedoeling dat boatsjeminsken har better bewust wurde fan de regels op it wetter en dat it dêrtroch feiliger wurdt. De ôfrûne twa jier is der in soad ynvestearre yn foarljochting en binne der ek ekstra kontrôles útfierd. Ferline jier wie der lykwols noch net in ferbettering te sjen. De hoop is dat it no sa stadich oan wat better wurdt.

Der wurdt kontrolearre mei skippen, flugge motorboaten en foar it earst ek mei in wetterscooter. Dy lêste wurdt ynset om't foargeande jierren boatsjes bytiden útnaaiden, of nei ûndjip wetter fearen dêr't Rykswettersteat en plysje mei har boaten net komme koenen. Oant na ta binne se tefreden oer de ynset fan de wetterscooter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)