SC Cambuur giet yn Doetinchem ûnderút tsjin De Graafschap

Sportklup Cambuur hat freedtejûn ek de twadde kompetysjewedstriid fan it nije fuotbalseizoen ferlern. Yn Doetinchem gie de ploech mei 2-0 ûnderút tsjin De Graafschap, fan âld-Cambuurtrainer Henk de Jong. De Ljouwerters kamen nei goed in healoere spyljen op efterstân troch in goal fan Serrarens. Grutte kânsen foar Cambuur wienen der oant de ein fan de earste helte net, mar op slach fan it skoft hie Bednarek de lykmakker meitsje moatten.
Yn it twadde part fan de wedstriid waard it net folle better foar de ploech fan trainer Marinus Dijkhuizen. Van Mieghem stelde yn de 71e minút de oerwinning foar De Graafschap feilich. Troch de twadde nederlaach op rige hat Cambuur noch altyd gjin punten pakt yn de Jupiler League.
Opstelling SC Cambuur: Bertrams, El Baad, Steenvoorden, Daniels, Kallon, Barto, Kip, Houtkoop, Boerlage, Schils, Schilder.