Hofman, Sijbrandij en Scheepstra winne yn Bitgum

25 aug 2017 - 20:42
De finalisten fan Bitgum - Foto: OKK Bitgum

De keatspartij trochelkoar lotsjen foar froulju is freedtejûn yn Bitgum wûn troch it partoer fan Elly Hofman, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra. Sy wienen yn de finale mei 5-2 en 6-4 te sterk foar it partoer fan Joukje Kuperus, de bylotte Imke van der Leest en Melissa Rianne Hiemstra.

De tredde priis wie foar it partoer fan Jeanette Jansma, Hermine Sytema en Jeske de Boer. Sy wûnen mei 5-4 en 6-4 fan Ilse Tuinenga, Marte Altenburg en Annelien Broersma.

Trefwurden: 
Bitgum keatsen froulju
(Advertinsje)
(Advertinsje)