Marit Bouwmeester pakt kopposysje op WK Laser Radial

© Omrop Fryslân
Marit Bouwmeester hat freed de kopposysje pakt yn it WK Laser Radial. Yn de njoggende race waard se fyfde en yn de tsiende race waard se tredde. Omdat har grutte konkurrinte, de Belgyske Evi van Acker yn de twadde race fan freed mar fyftjinde waard, stiet Marit Bouwmeester no op it earste plak. It ferskil mei Van Acker is no njoggen punten.
Sneon binne de lêste twa races fan it WK, dat syld wurdt op de Iselmar by Medemblik.