De Vries sechde yn kwalifikaasje Spa-Franchorchamps

25 aug 2017 - 17:20

Autokoereur Nyck de Vries mei sneon yn de haadrace fan de Formule 2 yn België op it sechde plak begjinne. De Snitser ried freedtemiddei foar it earst in kwalifikaasje foar syn nije team: Racing Engineering. Dat ûnder drege omstannichheden, want it sirkwy fan Spa-Francorchamps stie fol mei wetter fanwegen swiere reinbuien.

Dochs siet De Vries mar oardel sekonde ôf fan de bêste tiid fan de sesje. De pole-position yn België gie nei de koprinner yn it Formule 2 kampioenskip: Charles Leclerc fan Monako.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule 2 racen
(advertinsje)
(advertinsje)