FIDEO: Portret fan in besiker fan it Dodo-festival

It Dodo-festival is in festival dêr't in soad Nederlânske artysten optrede. Grutte nammen as Frans Bauer en Vangrail komme om der in grut feest fan te meitsjen.
Namme: Anneke
Leeftiid: 61 jier
Wenplak: Bakkefean
Wurk: eartiids juf, no frijwillichster
Hoe soesto it Dodo-festival omskriuwe?
"As hiel sfearfol. Elkenien komt ta syn rjocht en elkenien kin meidwaan. Der is foar elkenien wol wat."
Wat is dyn kleanstyl?
"No ik bin no ferklaaid foar de foksejacht. Normaal sjoch ik der net sa út. Ik bin no in non en de bern moatte útsykje wa fan de personaazjes net op it festival rûnrint."
Foar hokker bands komsto nei it Dodo-festival?
"No ik bin net sa fan de Nederlânske muzyk en ik bin hjir hjoed as frijwilliger. Mar moarn treedt Vangrail op. Dy fyn ik altyd wol leuk en dy kinne goed sfear bringe."
Wat is dyn ultime tip foar de nije Dodo-festivalgongers?
"Kom gewoan en doch lekker mei. Want it is altyd hiel gesellich en elkenien is mei inoar. It is altyd ien grut feest."
Is dit in echt famyljefestival?
"Jawis, op de freed hawwe in berneprogramma dêr't de bern aardige aktiviteiten dwaan kinne."