SC Hearrenfean hat fitte seleksje foar duel tsjin ADO

25 aug 2017 - 16:59

De seleksje fan SC Hearrenfean is hast folslein fit foar de wedstriid tsjin ADO Den Haag fan sneontejûn. Allinnich Marco Rojas is noch in fraachteken. Hy trainde freed net mei op it fjild, mar trainer Jurgen Streppel tink dat hy wol mei giet nei ADO Den Haag. Keeper Warner Hahn is der fanwegen syn skouderblessuere noch altyd net by en syn plak wurdt wer ynnaam troch Wouter van der Steen. Technysk direkteur Gerry Hamstra hat oanjûn dat, nettjinsteande de ynteresse, Henk Veerman gewoan by de klup bliuwt.

Hearrenfean spilet sneon yn it Kyocera Stadion op it keunstgers, mar Hearrenfean koe dizze wike net op in fergelykber keunstgersfjild traine. Sa ek net by Heerenveense Boys. Streppel: "De fanfare kreeg daar voorrang. Het is niet anders."

Opstelling: Van der Steen, Dumfries, Høegh, Van Aken, Woudenberg, Schaars, Thorsby, Van Amersfoort, Ødegaard, Reza en Zeneli.

(Advertinsje)
(Advertinsje)