Fiifde plak foar Bouwmeester yn Medemblik

25 aug 2017 - 16:51

Marit Bouwmeester is freedtemiddei as fiifde einige yn race njoggen op it WK Laser Radial. Ek yn Medemblik wie freedtemoarn en oan it begjin fan de middei net in soad wyn. De Laser Radial koe dêrom pas let starte. Bouwmeester har grutte konkurrint, de Belgyske Evi van Acker, einige krekt foar har op it fjirde plak.

Van Acker bliuwt dêrom earste yn it klassemint, Bouwmeester is twadde. Der wurdt freedtemiddei noch in twadde race syld op De Iselmar.

(advertinsje)
(advertinsje)