Emanuel pakt deiwinst IFKS skûtsjesilen yn Lemsterbaai

Emanuel fan skipper Merijn Olsthoorn hat freed de IFKS-silerij op it eigen thúswetter fan De Lemmer wûn. Twad waard Jeroen de Vos mei Eelkje II en tred waard It Doarp Eastermar fan Geale Tadema. It is de twadde oerwinning foar de Emanuel dy't moandei yn Starum ek as earste oer de finish kaam.
"Hier waren we naar op jacht," sei Michiel Weebers, dy't by it grutskoat sit, nei ôfrin. "Dit is goed voor het klassement. We gaan nu lekker genieten van deze wedstrijd op ons thuiswater."
Nei in falske start koenen de skûtsjes los op de Lemsterbaai. It wie licht waar. Sikke Heerschop ferliet al frij gau it wedstriidwetter nei’t er te betiid oer de startline kommen wie en dus diskwalifisearre waard foar dy falske start. Jeroen de Vos kaam earst op kop mar letter wie Merijn Olsthoorn fan de Emanuel as earste by de boppewynse tonne en hy bleau dêrnei fier foar op de rest. It skûtsje Jonge Jasper fear op de tonne en moast in strafrûntsje dwaan en bleau yn de achterein. Klassemintslieder Tony Brundel mei de Lytse Lies begûn yn de achterein en kaam letter wat mear yn de middenmoat telâne.
De lêste wedstriid fan de IFKS is sneon. Nei alle gedachten wurdt de wedstriid net mear ynhelle dy’t op de earste syldei yn Hylpen net trochgong fanwege de hurde wyn.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.