Feanster Soccer Academy 4 Girls spesjaal foar famkes

25 aug 2017 - 16:55

'Fuotbal foar famkes moat boppe alles leuk wêze', dat is it útgongspunt fan de Soccer Academy 4 Girls op It Hearrenfean. Dizze fuotbalskoalle foar famkes fan 6 oant 16 jier hat as filosofy dat alles begjint mei wille yn bewegen. Mei in 'Mega Voetbal Feest' op de fjilden fan vv Heerenveense Boys is freed it nije seizoen iepene. Dat barde mei in mienskiplike dûns foarôfgeand oan in 5-tsjin-5 toernoai.

De ferwachting is dat belangstelling foar it fuotbal foar famkes bot tanimme sil, nei de winst op it EK fan it Nederlânske frouljusalvetal. Mar neffens haadtrainer Stefanie Kortenaar giet wille foar prestaasjes. Dêrom wiene om it fuotbaljen hinne ek noch in grut tal oare saken organisearre lykas bubble-fuotbal, poolsoccer, fuotbaldarts en fuotfolley.

(Advertinsje)
(Advertinsje)