Man delslein yn Ljouwert, fertochte oppakt troch de plysje

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitenacht op it Ruterskertier yn Ljouwert in man oppakt, omdat er in oare man delslein hie. Plysjes seagen hoe't it slachtoffer tsjin de grûn slein waard en mei de holle op it trottoir klapte. De man wie in pear minuten út de tiid. Hy is nei it sikehûs brocht.
De fertochte fersette him doe't de plysje him oanhâlde woe. De plysje moast geweld brûke om him mei nei it buro te krijen. Wêrom't de fertochte de oare man delslein hat, is noch net dúdlik.