Utnaaide Ljouwerter oanhâlden mei drugs yn de auto

© ANP
De plysje hat tongersdei yn de Pijperstrjitte yn Ljouwert in man út de stêd oanhâlden, omdat dy earder útnaaid wie doe't de plysje him kontrolearje woe. De man sette syn auto sels oan de kant, mar naaide dêrnei fluch út. Yn de auto leinen drugs en in grut jildbedrach.
De plysje koe de fertochte gau efterhelje en him arrestearje. Hy is fêstset foar drugsbesit en it wytwaskjen fan drugsjild.