Plysjesjef Oscar Dros giet fan Noard nei East-Nederlân

25 aug 2017 - 13:38

Noard-Nederlân moat op syk nei in nije plysjesjef. De hjoeddeiske sjef Oscar Dros sil per 1 septimber plysjesjef yn East-Nederlân wurde. Dros hat 15 jier yn it Noarden wurke, wêrfan fjouwer jier as plysjesjef. Hy wie belutsen by de gearfoeging fan de plysje yn de trije noardlike provinsjes ta ien ienheid. Dros sjocht syn funksje yn East-Nederlân as in útdaging, omdat er dêr nije taken dwaan moat. It Noarden krijt foarearst in waarnimmend plysjesjef.

(advertinsje)
(advertinsje)