"Eigen risiko yn soarch moat ienfâldiger"

25 aug 2017 - 13:01

Sikehûzen wolle dat it eigen risiko yn de soarch ienfâldiger regele wurdt. Der moat in fêst eigen risiko fan 150 euro komme foar ienfâldige behannelingen yn it sikehûs. Mei dit foarstel komt de Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen (NVZ). Ofskaffing fan it eigen risiko fynt de NVZ ûnwinsklik, mar pasjinten moatte mear dúdlikheid krije oer wêr't se oan ta binne by in sikehûsbesite. De sikehûzen wolle in list opstelle fan alle ienfâldige behannelingen dy't pasjinten tenei 150 euro fan it eigen risiko kostet. 

Neffens Marcel Kuin, bestjoerslid fan de Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen en foarsitter fan de Ried fan Bestjoer fan de Antonius Zorggroep yn Snits, ha minsken no faak te krijen mei ûndúdlikheid oer harren sikehûsbesite, ûnder oare omdat se lang wachtsje moatte op de sikehûsrekken: "Al met al is dit plan veel eenvoudiger voor de patiënt, omdat een vast bedrag voor een behandeling duidelijker is."

Trefwurden: 
eigen risiko sikehûs
(advertinsje)
(advertinsje)