SC Hearrenfean nimt maatregels

28 okt 2011 - 15:45
Foto: Omrop Fryslân

De ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean nimt maatregels om it gokken op eigen wedstriden fan de klup te ferbieden. Tenei meie meiwurkers dy't ynfloed hawwe kinne op wedstriden, hjir net mear op wedzje.

De maatregels fan de kommissarissen gean fierder as de regels fan de KNVB dy't allinnich wedzjen troch direkt belutsenen by wedstriden, sa as spilers, trainers en skiedsrjochters, strafber stelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)