Tuorrebouten kweke tsjin boaiemdelgong feangreidegebiet

In proefprojekt mei de kweek fan tuorrebouten oftewol lisdodden yn it Bûtefjild ferrint hiel goed, seit ekologysk advysburo Altenburg&Wymenga. Sy binne der no in jier mei dwaande by Readtsjerk en de lisdodde groeit as koal. It is in foarm fan wiete lânbou, dêr hawwe je gjin leech, mar in heech wetterpeil foar nedich. En dat is goed foar feangreidegebieten. Troch de hjoeddeistige lege wetterpeilen komt der soerstof by it fean wêrtroch't dat ôfbrekt. Dat betsjut dat der in soad CO2 frijkomt; in gas dat ferantwurdlik is foar de klimaatferoarings. Boppedat sakket de boaiem. De kweek fan gewaaksen dy't mei de woartels yn it wetter stean, hat dy problemen net.
De kommende tiid wurdt der sjoen oft de kweek fan tuorrebouten noch effisjinter kin en oft je der ek jild mei fertsjinje kinne. Fan de plant kin bygelyks isolaasjemateriaal of feefretten makke wurde.