Mear Friezen lease in auto en ek ferkeap nimt ta

It giet goed mei de auto- en motorferkeapen yn Nederlân. It CBS meldt in gemiddelde groei fan fiif prosint. Friesland Lease yn Drachten groeit noch sterker en notearde in groei fan sân prosint. Neffens direkteur Jan Baljeu is dit it bêste jier oait fan it bedriuw. Dat komt mei om't Friezen no ek as partikulier doare te leasen.
Earder wiene Friezen noch wat huverich om in auto foar in fêst bedrach yn de moanne te leasen, mar no soargje se al foar in kwart fan de omsetgroei by Friesland Lease. It bedriuw hat op 't heden sa'n 7.000 auto's op 'e dyk.