Kontakt lizze by in miel iten? It kin yn Drachten en Gordyk

25 aug 2017 - 11:03
Foto: ANP

Yn it ramt fan de Week tegen de Eenzaamheid kin ein septimber wer oanskood wurde oan in tal lange tafels yn Fryslân. Dat kin op 'e Gordyk en yn Drachten. It idee is dat it in maklike manier is om minsken mei elkoar yn kontakt te bringen.

It is de fyfde kear dat dit organisearre wurdt. Ferline jier wie dat yn Dokkum en Drachten, dêr diene doe 700 minsken oan mei. It iten is op 27 septimber, opjaan kin fia de webside fan Sûnenz.

(advertinsje)
(advertinsje)