Plysje hâldt kontrôle op A7: mear as fjirtich boeten

25 aug 2017 - 10:26
Plysjes by in eardere ferkearskontrôle - Foto: ANP

Mear as fjirtich bekeuringen hat de plysje tongersdei útdield by in ferkearskontrôle op de A7. De measte boeten waarden útskreaun foar it fêsthâlden fan in mobile telefoan ûnder it riden, nammentlik 23.

Fierders waarden der 11 automobilisten op de bon slingere foar te hurd riden. Se gongen mear as 30 kilometer te hurd op de sneldyk of by weiwurksumheden del. Ien automobilist moast syn rydbewiis ynleverje. Hy ried mei 200 kilometer yn 'e oere oer de A7. In auto mei oanhinger ried 124 kilometer yn 'e oere, wylst dy mar 90 mei.

Ek waard der beboete foar ûnder oare bumperkleven, it net om hawwen fan de riem en it riden troch read. De kontrôle waard holden yn it ramt fan it projekt A7? Attent!.

Trefwurden: 
ferkearskontrôle A7 boete
(Advertinsje)
(Advertinsje)