Kollum: "Smoke"

"Foar’t it silen begûn wie ik om boadskippen yn Ljouwert. Ik wie by in winkel en it foel my op dat it nochal in soadsje wie foar de yngong want oeral leine peuken. Der siet ek in man foar de winkel te smoken en dy hat grif syn peuk derby smiten.
Ik ha eartiids wolris smookt, mar ik fûn it net lekker en lokkich bin ik net ferslave rekke. Dus ik ha de striid om te stopjen mei oergewicht en oare ellinde ek net hân. Ik bin eins ek bêst wol bliid dat je hast nergens mear smoke meie want is it net fijn om yn de reek fan in oar te sitten, it hoastjen oan te hearren en nei folle jiskebakken te sjen. Foaral net as je sitte te iten.
As je troch de stêd ride, sjogge je wol gauris minsken dy’t yn in groepke bûten stean te smoken. Meastal hawwe se dan net in jas oan en steane se der nochal wat sneu by. Want it is kâld, se moatte opsjitte en smoke as hinget it libben der fan ôf. Us heit smookte eartiids ek en ik die alle moannen skjinne klean oan omdat ik it sa stjonken fûn. Dat begriep er krekt doe’t er stoppe wie.
In pear wiken lyn moast ik yn in oare winkel wêze om in pakket te ferstjoeren. It duorre efkes en myn each fûl op de pakjes sjek en sigaretten. Ik koe wol oer myn nekke gean fan al dy goare foto’s dy’t der opstean om de minsken te warskôgjen mar dat begryp ik dan wer net. Dan soene je ek wol foto’s op alle auto’s plakke kinne, omdat der alle dagen freeslike ûngemakken barre en deaden falle. Ik frege oan it famke achter de kassa wat sy fan dy foto’s fûn omdat se dêr de hiele dei tsjin oan sjocht mar se sei dat it went.
Miskien is dat wol sa mar ik kin der net oan wenne dat in soad minsken harren peuken oeral klakkeleas delgoaie. Foar de yngong fan in winkel, of op it strân yn it sân. Dat fyn ik ek sa’n antyklimaks. Dan sitte je einlings wer ris op it strân mei de bleate fuotten yn it sân en dan fine je de iene peuk nei de oare. As immen it flikt op ús hiem, dan sis ik der wat fan. Pak op mei dy rotsoai! Wat ha ik dêr mei nedich!
Ik kin my bêst wol yntinke dat it it foar in echte leafhawwer dreech is omdat je hast nearne mear ien opstekke meie. En ik kin my sels wol yntinke dat it gesellich wêze kin mei in potsje bier der by en dat it rêstmominten op in dei binne. Mar je kinne de boel dochs wol netsjes achterlitte?
As wy in feestje hawwe, thús of op de boat, dan fyn ik ek altyd oeral peuken. Yn heal lege fleskes bier, of yn it lêste bytsje kofje. Dy lju ha dan teminsten noch wol it fatsoen hân om de peuken in soarte fan op te romjen mar meastal kin ik dat dan wer opromje.
Ik nim my wolris foar om my der net mear oan te steuren want dêr sjit ik dochs neat mei op. En lokkich smoke der yn ús famylje net in soad dus dêr ha ik gjin drokte fan. Mar as ik dan wer in bulte peuken lizzen sjoch, omdat immen de jiskebak fan de auto foar it gemak mar efkes yn ‘e berm lege hat, dan ha ‘k it smoar wer yn en komt de reek my dochs wer út ‘e earen wei."