Ie krijt in nij gesicht; bewenners binne bliid

De trochgeande dyk troch Ie wurdt oanpakt. 'Us doarp krijt in nij gesicht', sa is te lêzen op in grut boerd oan it begjin fan it doarp. Wichtichste feroaring is dat der aanst net hurder as 30 kilometer yn de oere riden wurde mei. Automobilisten wurde troch obstakels twongen om faasje te minderjen.
De hast 900 ynwenners binne wiis mei de oanpak dy't Ie feiliger meitsje moat. De wurksumheden begjinne nije wike en duorje oant 1 desimber. Foar de ynwenners wie tongersdei in ynformaasjejûn. Der wiene in soad fragen oer de oerlêst om't de dyk yn it sintrum fan Ie hielendal ôfsletten wurde sil. Automobilisten moatte om it doarp hinne ride.
Op it grutte bouboerd stiet in foto fan Jelka Boersma en Jasmijn Meerstra. De buorfamkes binne 8 en 9 jier. Se meie no net allinne oer de drokke provinsjale dyk fytse fanwege de frachtweinen en de auto's ride te hurd. Nei de oanpak sil dat oars wurde. Jelka en Jasmijn hâlde mei in vlog en foto's it wurk by.