Goed jier foar greidefûgel yn Greidhoeke

24 aug 2017 - 21:09
Foto: Henk Bootsma

It briedseizoen fan de greidefûgel is foarby en foar de Fryske Greidhoeke wie it in goed foarjier. Yn de natuergebieten Skrok, Skrins en Lionserpolder wienen in soad skriezen en tjirken. Boskwachter Simon de Winter seach dat der in soad aaien wienen en dat in grut persintaazje fan de bisten úteinlik ek grut waard.

De trije gebieten binne mei elkoar 350 bunder en op basis fan saneamde alarmtellingen hie tachtich prosint fan de 280 skriezepearen pykjes. In mooglike ferklearring foar it goede jier is dat der dit jier in soad mûzen wienen, dus genôch fretten foar de rôfbisten. Ek de kâlde maitiid kin holpen ha want dêrtroch kaam it gerslân let ta bloei en wienen der foldwaande ynsekten op it momint dat de pykjes fretten ha moasten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)