Leeuwarden-Fryslân 2018 prominint op Uitmarkt Amsterdam

24 aug 2017 - 20:53

Leeuwarden-Fryslân 2018 stiet kommend wykein op de Uitmarkt yn Amsterdam. Meiwurkers fan LF2018 jouwe in foarútblik op it programma fan Kulturele Haadstêd. De organisaasje hat Leeuwarden-Fryslân 2018 frege om te kommen en hat se in prominint plak jûn, nammentlik in toer mei grut útsjoch oer it eveneminteterrein. Se fine dat Kulturele Haadstêd perfekt past by de start fan it nije kulturele seizoen.

"Dit is een uitgelezen kans om een deel van ons programma aan het Nederlandse publiek te tonen,” seit Tjeerd van Bekkum, direkteur fan Leeuwarden-Fryslân 2018. "Dat doen we met informatieborden, brochures, zelfs viewmasters maar vooral met de vele enthousiaste verhalen van mijn collega’s. We nodigen het nationale en internationale publiek van de Uitmarkt van harte uit Leeuwarden en Fryslân tijdens het bijzondere jaar 2018 te bezoeken."

Utsjochtoer

Nicole Venema stiet foar Leeuwarden-Fryslân 2018 op de merk yn Amsterdam. ''We staan er met een grote uitkijktoren, ingepakt met logo's'', fertelt se. ''We hebben een promotieteam en vertellen mensen over wat we gaan doen in Leeuwarden.''

De Uitmarkt is it grutste jierlikse kulturele evenemint fan Nederlân en lûkt mear as in heal miljoen besikers. De Uitmarkt is fan 25 oant en mei 27 augustus. Dit jier is de fjirtichste edysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)